Jachtbouwer Snits yn de prizen

05 mrt 2009 - 11:40

In jacht fan Vivante Yachts út Snits is útroppen ta Hiswa Boot van het Jaar 2009. It giet om de Vivante 43 Cabrio Cruiser. De priis is útrikt op de Hiswa-beurs, dy't op dit stuit yn Amsterdam hâlden wurdt. It jacht is ûnder oaren beoardield op ûntwerp, konstruksje, komfort en de ferhâlding tusken de priis en de kwaliteit fan it jacht.

It hat de titel úteinlik krigen troch it ûntwerp en komfort. De boat is noch oant snein te sjen yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)