Boerin Agnes komt nei Fryslân

Boerin Agnes (foto: St. Vastenaktie)
Boerin Agnes fan it tillevyzjeprogramma Boer Zoekt Vrouw komt freed nei Fryslân. Se skinkt kofje yn Sint Nyk foar it goede doel. It giet om in aksje fan de stifting Vastenaktie Cordaid. Dy sammelt freed yn hiel Nederlân jild yn foar lokale boeren yn Brazilië.
Dy reitsje hieltyd faker harren lân kwyt oan rike boeren. Doel fan de aksje is om yn winkelsintra, buerthuzen en by sportferienings jild yn te sammeljen foar dizze boeren.