Man mei fjoerwapen oanholden

05 mrt 2009 - 10:04

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in 35-jierrige man oanhâlden, omdat er yn besit wie fan in fjoerwapen en harddrugs. De fertochte waard sjoen op it Blokhúsplein en makke dêr kontakt mei in passazjier yn in auto. De plysje herkende de man as ien dy't mooglik hannele yn drugs en hâlde him oan.

Doe die bliken dat er in fjoerwapen hie en in wikkel mei nei alle gedachten heroïne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)