Noch gjin akkoart by Kijlstra

05 mrt 2009 - 09:45

Kijlstra Beton yn Drachten en de fakbûnen binne it noch net iens oer in sosjaal plan foar de reorganisaasje by it bedriuw. Dat seit it fakbûn CNV. It bûn hat in brief skreaun oan de direksje en wol foar 18 maart in reaksje. By Kijlstra Beton ferlieze acht fan de 160 minsken har baan.

Neffens it bûn wol it bedriuw har op syn meast 3200 euro de man jaan. It CNV hat acht kear safolle jild frege foar in sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)