Play-offs Aris fier fuort

© Omrop Fryslân
Der is in lyts wûnderke nedich om Aris noch yn de play-offs te krijen. Woansdeitejûn hawwe de basketballers út Ljouwert ferlern fan konkurrint Weert. Dy ploech stie foar de wedstriid fan woansdei noch achtste, mei twa punten mear as de Ljouwerters.
It achtste plak jout rjocht op de play-offs. Aris naam yn de twadde helte in foarsprong fan 10 punten, mar gie úteinlik mei 78-86 pynlik ûnderút. Aris stiet no tsiende, mei fjouwer punten efterstân op de nûmer acht.