Lauwersmar ûnbetelber

04 mrt 2009 - 17:35

De werynrjochting fan it Lauwersmargebiet driget ûnbetelber te wurden. It Ryk wol dat de provinsje in foars bedrach op it kleed leit. It giet wierskynlik om in 20 miljoen euro. De provinsje wegeret dat om't se sels in soad jild stekke yn de bou fan in nij grut gemaal.

As it Ryk oantrunet op in provinsjale bydrage dan moatte de plannen foar it gemaal oanpast wurde, seit deputearre Tineke Schokker. Dan soe de kapasiteit om wetter te meallen minder wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)