Unrêst ferbou tsjerke Hylpen

04 mrt 2009 - 13:37
  • It plak neist it tsjerkegebou

De útwreiding fan de tsjerke yn Hylpen soarget foar ûnrêst yn de stêd. De herfoarme tsjerke wol in fergaderseal bouwe deun neist it tsjerkegebou. Dy fergaderseal soe dan foar in part ûnder de grûn boud wurde moatte.

In moderne útwreiding midden tusken de monumintale tsjerke en de ieuwenâlde grêven is foar in part fan de ynwenners reden om offisjeel beswier te meitsjen by de gemeente. Sa hoopje se it noch keare te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)