Epke start kampanje LED-lampen

LED-lampen bêste foar miljeu
Turner Epke Zonderland en minister Jaqueline Cramer fan miljeu ha woansdei yn Frjentsjer it startsein jûn foar de kampanje: Ik stap oer! De kampanje moat de Friezen der ta oansette om LED-lampen te keapjen.
LED-lampen binne in stik suniger en duorsumer as gewoane gloeilampen en sels as sparlampen. Minister Cramer is yn alle gefallen om, sy makket sels al reklame foar de lampkes. De lampen binne fan woansdei ôf te keap yn de Poiesz supermerken.