Oplieding fleantúchûnderhâld

De cessna wurdt wer ynelkoar set
As earste skoallen yn it Noarden begjinne skoallemienskip Comenius en ROC Friese Poort yn Ljouwert mei in spesjale oplieding Fleantúchûnderhâld. De skoallen wurkje dêrby gear mei de Keninklike Loftmacht. Dy hat belang by de oplieding, want der is op 't stuit in grut tekoart oan technysk personiel.
Spesjaal ta eare fan de iepen dei by Comenius, hat de Loftmacht woansdei in Cessna sportfleantúch nei de skoalle brocht.