Akkoart Cambuur en Menzo
SC Cambuur en trainer Stanley Menzo binne der út. Neffens Cambuur direkteur Alex Pama hawwe beide partijen in prinsipe-akkoart sletten oer in kontrakt foar noch in jier. Menzo moat syn hantekening noch sette. Mar dat liket in formaliteit.
Pama wol net sizze oft der in klausule yn it kontrakt fan Menzo stiet foar it gefal hy oan de slach kin by in earedivyzjeklup. Mar de Cambuur direkteur seit dat syn klup wol begryp hawwe sil foar sa'n situaasje.