Grindheim fit foar NEC

04 mrt 2009 - 10:44
  • Christian Grindheim kin spylje

Sportklup Hearrenfean hat woansdei yn de bekerwedstriid tsjin NEC de beskikking oer Christian Grindheim. De Noarsk ynternasjonal foel yn de wedstriid tsjin PSV siik út, mar is no wer hielendal fit. Allinnich Mika Väyrynen is noch hieltyd blessearre.

Fierder hat trainer Trond Sollied foar de kwartfinale fan de beker in fitte seleksje. Nei alle gedachten begjint Sollied mei deselde alve spilers as tsjin PSV. De wedstriid is noch net útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)