Bûtenlânske partners foar Liet

04 mrt 2009 - 09:45

Stichting Liet '91 út Ljouwert sil yn de takomst de ferantwurdlikheid foar sjongfestival Liet Ynternasjonaal diele mei partnerorganisaasjes út Skotlân, Sweden en Italië. In delegaasje fan Liet hat hjiroer yn de Skotse haadstêd Edinburgh in akkoart sletten mei 3 bûtenlânske partners.

Dy partners binne Nos Ur, in Keltysk sjongfestival yn Skotlân, de Sweedske minderhede-organisaasje Sweblul en de Italjaanske kulturele organisaasje Arlef út de regio Friûlië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)