Jild foar ferkear en ferfier

© Omrop Fryslân
De provinsje besteget dit jier yn totaal 50 miljoen euro ryksjild oan projekten dy't mei ferkear en ferfier te meitsjen hawwe. 39 miljoen dêrfan giet nei it iepenbier ferfier, hast 10 miljoen nei diken en hast twa miljoen nei ferkearsedukaasje.
It ride litten fan trije ierdgasbussen is mooglik tanksij it jild fan it Ryk. Ek wurde der ekstra fytsestallings by de stasjons oanlein. Ek sil in tredde trein yn de oere tusken Ljouwert en Snits mooglik makke wurde fan it jild.