Dûkers wolkom yn Kealledykje

04 mrt 2009 - 07:34

Fryske dûkers meie tenei ien kear yn 'e wike oefenje yn swimbad it Kealledykje yn Ljouwert. Foarhinne mochten de dûkers allinne mei perslucht oefenje as it swimbad dêr spesjaal foar ôfhierd waard. It swimbad wie benaud dat oare besikers der oars lêst fan hiene.

Fan april ôf kinne de dûkers alle sneontemiddeis twa oeren terjochte yn it Kealledykje. It giet om in proef, dy't in fêst karakter krijt as der genôch gebrûk fan makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)