EK kuorbal 2010 yn Ljouwert

03 mrt 2009 - 22:48

It Europeesk Kampioenskip Kuorbal sil takom jier oktober foar in part yn Ljouwert spile wurde. It Nederlânske team is nei alle gedachten ien fan de fjouwer lannen dy't sporthal It Kealledykje oandwaan sil.

De organisaasje is yn hannen fan de fjouwer kuorbalferienings fan Ljouwert. Se krije help fan de gemeente en BV Sport. Oare spylstêden binne Almelo, Den Haach en Tilburch. De heale finales en de finale sille hâlden wurde yn Ahoy Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)