Aaisikers net op bon foar sms

03 mrt 2009 - 22:41

De plysje kontrolearret aaisikers net op it al of net ferstjoeren fan smskes as se in aai by harren ha. Dat seit sjef Sybren van der Heide fan it miljeuteam by de Fryske plysje.

Aaisikers binne ferplichte de fynst fan in ljipaai fia in sms oer de mobile tillefoan te melden. As se oan harren kwotum sitte, krije se in smske dêr't yn stiet dat se net fierder sykje meie. De plysje dielt gjin boetes út as aaisikers harren net oan dizze regel hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)