Oranjewoud yn keunstgers

03 mrt 2009 - 20:27

Yngeniersburo Oranjewoud op It Hearrenfean hat in bedriuw yn Noarwegen oernaam. It giet om PST Sports út Kristiansand, in bedriuw dat keunstgers makket en ûnderhâldt.

It bedriuw is ien fan de merklieders yn Skandinavië as it giet om de ûntwikkeling fan keunstgers. It bedriuw is yn hiel Europa aktyf en wurket ek gear mei Edel Grass. Mei de oername wol Oranjewoud sels merklieder wurde yn de keunstgersmerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)