Aaisikerstiid begûn

03 mrt 2009 - 17:10

Sûnt ôfrûne snein is it aaisikerstiid. Dit jier moat foar it earst wurke wurde mei in sms-systeem om it tal aaien de aaisiker te registrearjen. It bedriuw dat it registraasjesysteem yn opdracht fan it BFVW útfiert is Natuurnetwerk fan de Veluwe.

It BFVW hat dit systeem yn it libben ropppen om foar te kommen dat guon aaisikers mear as it tastiene tal fan 15 aaien meinimme. Meardere aaisikers ha oanjûn muoite mei de kompjûter en it sms'en op in mobyltsje te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)