Sportlessen foar learlingen

03 mrt 2009 - 15:18

Op de VMBO-skoalle fan OSG Singelland yn Drachten kinne alle 900 learlingen fan tiisdei ôf bûten skoaltiid sportlessen folgje. De skoalle foar fuortset ûnderwiis docht mei oan it projekt VMBO Dubbel 30. In inisjatyf om learlingen faker sporte te litten.

Ut ûndersyk docht bliken dat bern op it vmbo in mindere kondysje hawwe as bern op oare skoalfoarmen. Op it Singelland kinne de learlingen kieze út it folgjen fan lessen streetdance, streetfight en fuotbaljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)