20 Fryske bedriuwen op Hiswa

Hiswa 2009 tiisdei iepene
De wettersportbeurs Hiswa is tiisdei wer begûn yn Amsterdam. Op de beurs binne mear as 20 Fryske bedriuwen fertsjintwurdige. De beurs is de offisjele start fan it nije wettersportseizoen, dêr't allerhande ynnovaasjes presintearre wurde. Sa moatte de wâl en it wetter fan dit seizoen ôf 'digitaal' ferbûn wurde.
Op de Hiswa is it startskot jûn fan de kampanje: Ik pas op het Wad. Dy moat boatsjeminsken wize op de kwetsberheid fan it Waadgebiet.