Make A Difference Day yn maart

© Omrop Fryslân
Foar de Make A Difference Day op 20 en 21 maart wurde foar Fryslân tsientallen frijwilligers socht. De Make A Difference Day is de grutste frijwilligersaksje fan Nederlân en betsiet 5 jier. Dit jier dogge der lanlik sa'n 100 tûzen minsken oan mei, dy't by ferskate sosjale organisaasjes oan de slach sille.
Yn Fryslân hawwe 75 organisaasjes putsjes oanmeld. Sa siket Zuidoost Zorg minsken om aktiviteiten te ûndernimmen mei de bewenners.