FNV ropt op ta demonstraasje

03 mrt 2009 - 13:04

De ôfdieling Noord fan FNV-bondgenoten ropt op ta in grutte demonstraasje op freed 13 maart yn Den Haach tsjin de foarstellen fan it kabinet om de ekonomy wer op oarder te krijen.

Neffens it bûn driigje de wurknimmers it slachtoffer te wurden fan it oerheidsbelied. It kabinet praat ûnder oare oer it ferheegjen fan de AOW-leeftiid en it ferkoartsjen fan de WW-útkearingen. Neffens FNV-bestoerder Anne van Dijk moatte de stoarmballen hyst wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)