By Philips 116 banen fuort

Undernimmingsried akkoart mei ûntslaggen
By it skeerapparatefabryk fan Philips yn Drachten ferdwine 116 banen. It baneferlies hat mei te krijen mei de gefolgen fan de kredytkrisis. It giet min mei de ferkeap fan skearapparaten.
De meiwurkers dy't Philips dien jaan wol, kinne frijwillich fuortgean mei in preemje, mar se kinne der ek foar kieze om har yn twa jier om te skoaljen nei oar wurk. De ûnddernimmingsried fan Philips Drachten giet ûnder in tal betingsten akkoart mei de ûntslaggen.