Jild foar opfangsintrum Limor

03 mrt 2009 - 10:36

It Oranje Fûns jout 50 tûzen euro oan helporganisaasje Limor. It jild is bedoeld foar it nije opfangsintrum yn de Ljouwerter wyk Bilgaard. Dêr komt in kombinaasje fan krisisopfang en beskermd wenjen.

It sintrum is bedoeld foar minsken mei slimme psychyske en sosjale problemen. Mei it jild fan it Oranje Fûns kin earder begûn wurde mei it trainen fan de selsstannichheid fan de kliïnten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)