Tomke yn mear talen oerset

03 mrt 2009 - 09:42

Tomke giet ynternasjonaal. De Fryske boekjes en ferskes binne al oerset yn it Biltsk, Twintsk en Stellingwerfsk, mar nei de simmerfakânsje binne se ek te krijen yn it Nederlânsk en Papiamintsk. It giet om in projekt fan Mercator, it kennisynstitút fan de Fryske Akademy.

De boekjes wurde spesjaal makke foar Antilliaanske pjutten yn Nederlân en op de Antillen. De gedachte is dat de yntegraasje befoardere wurdt troch twatalichheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)