Komby-regeling ôfskaffe

© Omrop Fryslân
De supporters fan Cambuur wolle dat de bus-komby regeling sa gau mooglik ôfskaft wurdt. Dy regel hâldt yn dat se ferplicht mei de bus nei útwedstriden moatte. Se fine dat dizze regel by Cambuur te gau tapast wurdt.
Dat die moandeitejûn bliken op in diskusjejûn yn it supportershonk by it Cambuurstadion. It probleem is lykwols dat de kontrôle yn de stadions lang net doocht en dat in soad supporters gewoan in kaartsje keapje kinne.