Jong Cambuur gelyk tsjin Emmen

02 mrt 2009 - 21:59

De beloften fan Cambuur hawwe moandei in punt pakt tsjin middenmoater Jong Emmen. Scout Johan Groote en haad opliedings John de Hoop namen it plak yn fan trainer Wim de Ron, dy't moandei fuortstjoerd is troch Cambuur.

Jong Emmen kaam foar de tee op in 1-0 foarsprong en it duorre oant de alderlêste minút foardat Cambuur kâns seach de dik fertsjinne lykmakker te skoaren. Jacob Noordmans makke de goal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)