Wim de Ron fuort by Cambuur

02 mrt 2009 - 16:15

Sportklup Cambuur hat moandei trainer Wim de Ron op non aktyf set. De Ron wie sûnt 2006 de trainer fan de keepers. Dit seizoen wie hy ek de trainer fan it belofteteam.

Cambuur wie al net fan doel om it kontrakt fan De Ron nei dit seizoen te ferlingen. Werom hy no al fuort moat wurdt net bekend makke. Beide partijen hawwe ôfpraat om neat oer de saak te sizzen. De Ron lit wol witte dat de maatregel him rau op it dak fallen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)