Ferwûne by brân op Skylge

02 mrt 2009 - 15:02

Der hat moandei in grutte brân west yn âldereinkompleks De Dam yn Midslân op Skylge. De brân is ûntstien troch in soerstofflesse. In frou wie yn 'e keuken mei it iten dwaande, doe't in slankje fan 'e soerstofflesse yn brân rekke. De soerstof hat gau flam fet.

De frou is mei brânwûnen yn it gesicht en op 'e rêch mei de traumahelikopter oerflein nei it sikehûs yn Grins. De oare bewenners koene op 'e tiid evakueard wurde troch de brânwacht en plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)