Minder jild foar 'prachtwiken'

Minister Eberhard van der Laan by syn wurkbesite oan Ljouwert
Troch de resesje is der minder jild om de Vogelaarwiken op te knappen. Dat sei minister Eberhard van der Laan fan Wijken Wonen en Integratie moandei by syn besite oan Heechterp/Schieringen.
Sûnt ien jier wurdt wurke oan it opknappen fan 'e achterstânswyk,want it moat in saneamde 'prachtwyk' wurde. No't der in kredytkrisis is sille de projekten yn de Vogelaarwiken ek fersobere wurde moatte, sa tinkt de minister. Op it stuit oerlizze de ministearjes oer it jild foar de wiken.