Gerriet Postma ferstoarn

02 mrt 2009 - 10:10

De Fryske keunstskilder Gerriet Postma is dit wykein yn syn wenplak Grins ferstoarn. Postma, yn 1932 berne yn Twizelerheide, krige by syn libben lanlike bekendheid as ekspresjonistysk skilder.

Syn ynternasjonale trochbraak krige hy pas op lettere leeftyd mei eksposysjes yn Berlyn, Parys en New York. Postma wurke benammen fanút syn emoasje en it leafst yn grut formaat. Sa beskildere hy foar it Frysk Festival de seilen fan in skûtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)