De Jouwer wint fan Babberich

01 mrt 2009 - 16:42

Haadklasser De Jouwer pakte snein trije wichtige punten yn de wedstriid tsjin Babberich. It waard op it eigen fjild 3-2. Nico de Jong makke yn de earste helte de 1-0 foar de Jousters. Babberich skoarde nei it skoft yn seis minuten twa kear. Peter van der Slot soarge foar de lykmakker. Tarek Hashemi makke de winnende treffer.

Snits Wyt Swart hat yn Oldenzaal tsjin Quick'20, de nûmer twa fan de ranglist, mei 1-1 lykspile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)