Thunderbird oerset yn Frysk

01 mrt 2009 - 16:33
  • Sa sjocht de ynstallaasje der út

Sûnt dizze wike is der in nij Frysk e-mailprogramma beskikber. Mozilla Thunderbird 3 is it alternatyf foar Microsoft Outlook. De oersetters Wim Benes en Hindrik Sijens, dy't ek al soarge hawwe foar de Fryske Firefox, binne al moannen dwaande mei de tarieding.

De oersetting is op dit stuit hielendal klear en wurdt no flaterfrij makke. Se wurkje ek noch oan de kalinderapplikaasjes Lightning en Sunbird.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)