Dronken scooterrider mei drugs

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige bewenner fan Ljouwert is sneontemoarn betiid oanholden foar it riden ûnder ynfloed. De man ried mei de scooter hast tsjin de plysjeauto oan. It die bliken dat de man tefolle dronken hie.
Ek hie er tweintich boltsjes kokaïne en acht boltsjes heroïne by him. De drugs binne yn beslach naam en de man krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan fiif oeren.