Tsjûge hâldt winkeldief oan

© Omrop Fryslân
De plysje wol graach yn kontakt komme mei in ûnbekende man, dy't sneontemiddei op de Dracht op It Hearrenfean in winkeldief op de die oanholden hat. De fertochte, in 25-jierrige Poalske man, hie tegearre mei noch twa oare manlju guod stellen yn in winkel.
Doe't de manlju dêrop oansprutsen waarden troch it personiel, rûnen se fuort. Ien fan de manlju koe troch in tsjûge oanholden wurde. De oare twa manlju wisten te ûntkommen.