Man opsetlik oanriden

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de poging ta deaslach dy't sneontemiddei pleegd waard yn de Toerstrjitte yn Drachten. It slachtoffer, in man (59) út Koartehimmen, waard troch in Surhúster (67) opsetlik oanriden.
It slachtoffer waard twa meter meiskuord, wêrnei't er op strjitte foel. De automobilist ried doe fuort. Trochdat it slachtoffer it kenteken opskreau en 112 belle, koe de fertochte letter yn syn wenning oanholden wurde.