Drankrider foar 8e kear pakt

01 mrt 2009 - 15:06

In automobilist (27) út Dokkum is freedtenacht oanholden omdat er ûnder ynfloed in oanriding op de Koarnmerk feroarsake hie. Op dat plak fûnen plysjes de bumper mei dêrop de kentekenplaat fan de belutsen auto.

Hjirtroch wie it maklik de man te finen en waard er letter thús oanholden. It die bliken dat er drank op hie. De fertochte waard oerbrocht nei it buro, dêr't er 530 ug/l blies. Dit wie de achtste kear dat er foar riden ûnder ynfloed pakt waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)