Harkemase Boys helje út

01 mrt 2009 - 13:10

De Harkemase Boys hellen sneontejûn út yn Emmeloord tsjin de Flevo Boys. It waard 1-6. Al nei 40 minuten wie de wedstriid spile. It stie doe al 0-3 en Flevo Boys spile mei njoggen man fanwege twa reade kaarten.

De doelpuntemakkers wiene Oebele Schokker (2), Alwin Kooistra, Dennis Loer, Jelmer Slager en Roel van der Meulen. Troch de likense spullen fan efterfolgers HHC en Nunspeet stean de Boys no seis punten los yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)