Reedride foar Nierstifting

De start yn Amsterdam
In aksje foar de Niersstifting snein yn iisstadion Thiaf op It Hearrenfean hat goed 155.000 euro oplevere. Hûnderten reedriders diene mei oan in sabeare alvestêdetocht en lieten har dêrby sponsorje. Ek op oare iisbanen waard reedriden foar it goede doel.
Ferneamde reedriders en âldreedriders stipen de aksje. Op It Hearrenfean ried âld-reedrydster Marieke Wijsman mei. Yn Thialf ried boppedat in 16-jierrige jonge mei dy't sels nierpasjint is.