Aris wint fan Den Helder

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland ha lang om let wer ris wûn. Yn en tsjin Den Helder, de nûmer lêst, waard it 104-91 foar de Ljouwerters. It earste kwart wie foar de thúsploech: 27-19. Dêrnei gong it better mei Aris: 20-31 yn it twadde kwart. Doe't dêrnei ek it tredde kwart wûn waard mei 29-21 wie it klear. De 23-25 yn it lêste kwart wie ek foar Aris. Matt Bauscher makke 28 punten.
Aris bliuwt foarlêste mei 18 punten út 30 wedstriden.