Douwe Bierma 3e by NK maraton

Douwe Bierma waard tredde (foto: Martin de Jong)
Douwe Bierma út Ljouwert is tredde wurden op it Nederlânsk kampioenskip maratonreedriden yn Thialf op It Hearrenfean. Bierma siet mei Henk Angenent fan Woubrugge en Yoeri Lissenberg fan Almere yn in kopgroep, mei ien ronde foarsprong op it peloton.
It wie Yoeri Lissenberg dy't de sprint wûn en Nederlânsk kampioen waard. De sprint fan it peloton waard wûn troch Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap. Hy waard hjirmei fjirde.