Gjin Frysk sukses yn Swolle

28 feb 2009 - 17:08

Der wie sneon gjin Frysk sukses by de 49e edysje fan de 'Ster van Zwolle'. Jan Bos fan Nijhoarne siet wol yn in kopgroep fan seis man. Sy pakten in foarsprong fan rom fjouwer minuten.

Ien kilometer foar de einstreek waard de kopgroep ynhelle troch it peloton. De massasprint waard wûn troch âld-prof Bram Schmitz út Waalre. Hidde van Nuil wie op it achtste plak de bêste Fries. De Stjer fan Swolle oer 170 kilometer is de iepeningswedstriid fan it hurdfytsseizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)