Nije namme jeugdsoas Twizel

28 feb 2009 - 15:27

Jeugdsoas De Bunker yn Twizel giet fierder ûnder de namme De Klink. De nije namme is freed ûntbleate. It ûnderkommen foar de jeugd moast foarich jier ticht, omdat de belangstelling bot werom rûn.

Mar nei in trochstart mei help fan it pleatslik sosjaal-kultureel wurk is de jeugdsoas wer iepengien. De Klink is bedoeld foar bern yn de leeftiid fan alve oant fyftjin jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)