Plysje útskolden en slein

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemiddei op It Hearrenfean in ynwenner (17) fan Wolvegea en in ynwenner (18) fan It Hearrenfean oanholden foar it misledigjen fan plysjeminsken en ferset by de oanhâlding.
De plysjeminsken wiene dwaande mei in ûndersyk fan de stellerij fan in mobile telefoan út in klaslokaal fan in skoalle oan de Jousterwei. By it ûndersyk waarden de plysjes útskolden. By de oanhâlding waard in plysje yn it gesicht slein troch ien fan de jonges.