Faasjekontrôle yn Ljouwert

28 feb 2009 - 13:37

Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert hat de plysje freedtejûn in faasjekontrôle holden. Dêrby rieden tolve automoblisten te hurd. De heechste snelheid waard mjitten op 103 km, wylst dêr 50 kilometer tastien is.

De 29-jierrige bestjoerder út Ljouwert moast dêrop syn rydbewiis ynleverje. In 24-jierrige Roemeen ried 40 kilometer te hurd en moast de boete fuortdaliks betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)