Nije reparaasjeloads yn Warten

28 feb 2009 - 13:30

De jachthaven fan Warten hat in nije skipsreparaasjeloads. De loads waard ôfrûne freed oplevere. Yn de twa hallen fan de loads kinne klanten sels har boaten opknappe. Ek wurdt de loads ferhierd oan lytse selsstannigen.

De beide hallen fan de loads binne de kommende 26 wiken al ferhierd. De loads is ûnder oare ynrjochte mei spesjale systemen foar himmeljen, fentilaasje en parselucht. Ek binne der foarsjennings om te iten en te dûsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)