Wyldpisje en ûnder ynfloed
De plysje yn Ljouwert hat ôfrûne nacht op de Oldegalileeën in 18-jierrige ynwenner út de haadstêd in proses-ferbaal jûn foar wyldpisjen. Efkes letter waard de Ljouwerter op syn brommer oanholden foar it riden ûnder ynfloed.
De man moast mei nei it plysjeburo en krigen opnij in proses-ferbaal en in rydferbod fan njoggen oeren.