Nijbou 'Goederenbank' iepene

28 feb 2009 - 13:03
  • By de 'Goederenbank' ha se ek klean

Yn Ljouwert is sneontemiddei de nijbou fan de 'Goederenbank' iepene. By de bank kinne minsken mei in smelle beurs guod keapje foar in bytsje jild. It nije gebou stiet yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.

Der wie yn it ferline in soad te dwaan om de húsfesting fan de ynstelling. Sa is de bank ferline jier trije kear ferhuze, benammen om't de hier faak te heech wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)