Ungelok op de A7 by Drachten

Ungelok op de A7 by Drachten (foto: Jilmer Postma)
Op de A7 by Drachten hat yn de nacht fan freed op sneon in oanriding plakfûn tusken in persoane-auto en en in frachtwein. Hjirby is in 19-jierrige froulike ynsittende fan de persoane-auto ferwûne rekke. De 21 jierrige bestjoerder fan de persoane-auto is nei alle gedachten as gefolch fan in 'blackout' achterop de frachtwein riden.
De ferkearsûngefallentsjinst fan de plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.