SC Hearrenfean wint fan PSV

27 feb 2009 - 22:42

Sportklub_Hearrenfean hat freedtejûn trije wichtige punten pakt yn Eindhoven tsjin PSV. Troch in strafskop fan Danijel Pranjic yn de lêste minút waard mei 3-2 wûn.

Yn de earste helte kamen de Feansters op foarsprong troch in goal fan Paulo Henrique. Fia Balasz Dzsudzsak en Tim Simons kaam PSV foar it skoft op 2-1. Yn de twadde helte makke Henrique syn twadde goal en like it der lang op dat it 2-2 bliuwe soe. Pranjic tocht der oars oer en skeat de 3-2 binnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)